Grondnet BV Wedstriidsponsor Jong Famme partij 2007

Grondnet docht yn grûn en dan benammen it organisearjen fan it transport fan grûn fan A nei B. Wilco Fopma, ien fan de eigners, fertelt dat sy 27 frachtweinen op ‘e dyk hawwe, per wein 20 kúb grûn en dan ride sy ek noch meardere kearen op ‘e dei mei nije fracht, oars sein: in deze handel verdien je met massa. Fopma praat oer ‘grondstromen’. Fanút syn eigen bedriuw Fopma Milieuadvisering soarget hy foar de nedige papieren foar al dizze kúbs. Mei dy papieren kin elke kúb folge wurde, wêr’t it weikomt, wêr’t it hinne giet en watfoar soarte grûn it is.

Der binne trije kategoryën: skjinne, kategory 1 en smoarge. Skjinne is bygelyks foar it keatsfjild en jo tún, kategory 1 foar sletten en lûdswallen, smoarge giet nei spesjale plakken dêr’t it skjin makke wurdt. Sa út en troch jout Fopma in goed idee dat it fan rigels oan elkoar hinget, jo moatte it paad wol witte. Ferline jier hie Grondnet ûnder oare in moaie klus by Wolvegea: 30.000 kúb oanleverje as lûdswal by de A32 lâns. Grondnet BV Grondverwerking & hergebruik Houtdraaier 11 8447 GG Heerenveen Tel. 0513-683078 www.grondnet.nl

Geplaatst op 03 July 2007